Bynt fan 20 april 2016 17:20

Sponsorperikels yn de topsport
Topsporters fine hieltyd dreger sponsoaren en dat betsjut dat guon karriêres op it spul steane. Hoe kin dat? 'Sponsorgoeroe' Jan van Erve hat it antwurd.

Dobberje op de grutte see
Dagenlang dobberje op in flotsje yn de Karibyske see. Yn de baarnende sinne, sûnder iten en drinken mei te nimmen. Renzo Engwerda út Ljouwert die mei oan it tv-programma The Raft fan RTL 5.

Boeken restaurearje
Yn de krochten fan de Blokhúspoarte wurkje in pear spesjalisten oan in noch ûnbekend ambacht: it restaurearjen fan midsiuwske boeken.

De striid tusken moslims en kristenen
Evert Schut fan Drachten wurket foar in kristlike minskerjochte-organisaasje en kaam yn mear as 30 islamityske lannen oer de hiele wrâld. Hy skreau in boek oer syn ûnderfinings mei in striid dy't hiel aktueel is...

BY20DP01

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)