Bynt fan 20 april 2015 17:20

Bêd, bad & bôle
It kabinet stiet op springen. PvdA en VVD oerlizze al dagen oer de fraach oft útprosedearre asylsikers noch bêd- bad- en bôle krije meie. De yrritaasje dêroer yn de rest fan it lân wurdt hieltyd grutter. Dosint Rieks Osinga fan de NHL seit: “Net omprutse mar oanpakke!”

Huning tsjin heakoarts
Neat moaiers as de maitiid. Wer lekker bûten sitte, de beammen dy't grien wurde. De measten fan ús sjogge der de hiele winter nei út, mar foar minsken mei heakoarts brekt in swiere tiid oan. Gelokkich is der in oplossing. Ut ûndersyk blykt dat alle dagen in leppel huning helpt tsjin heakoarts.

Doarpen yn aksje
Je sjogge it hieltyd mear: doarpen dy't sels de toutsjes yn hannen nimme en fan alles regelje. Foaral om 't hieltyd mear fasiliteiten ferdwine op it plattelân. Ek Wûns komt mei in inisjatyf, it doarp wol yn eigen behear hierwenten bouwe.

Tsjintsfamkes
It is in hit op de Nederlânske telefyzje: Downton Abbey. Yn de searje sjogge we it libben fan de aadlike famylje Grantham en harren personiel. Sjoernaliste Tialda Hoogeveen gong ôfrûne wike yn Ingelân op Downton Abbey-tour. Foaral om ûndersyk te dwaan nei de ferskillen tusken Nederlânske en Ingelske tsjinstfammen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)