Bynt fan 2 oktober 2014 17:20

  • Dosint Els Rombout oan it wurk

Fleanbasis Ljouwert
De Fleanbasis Ljouwert is de lêste tiid folop yn it nijs. Earst wie it noch unwis oft de basis wol iepen bliuwe soe, mar no't it antwurd Ja is, moat Ljouwert ek in folweardige basis wêze. Der komme nije fleantugen, drones en ús minsken sille op missy tsjin IS yn Irak. By ús oan tafel sit dokumintêremakker Hayo Bootsma, dy't in ôflevering fan FryslânDOK oer de fleanbasis makke.

Teaterstik 'It Jubileum'
Jan Arendz en Marijke Geertsma sitte al 40 jier yn de teaterwrâld. Se fiere dit jubileum mei in nij teaterstik dat se tapaslik 'It Jubileum' neamd hawwe. Jan en Marijke wurken lang by Tryater, mar dizze foarstelling wurdt de tredde eigen produksje. Kommend wykein begjinne se mei de try-outs, en jûn fertelt Jan Arendz oer wat minsken fan it stik ferwachtsje kinne.

Hûsbisten fan de sjoggers
Dizze wike koene jim leuke filmkes ynstjoere fan jim húsbisten. Jûn meitsje wy de winner bekend fan it ferwenpakket, en litte wy in kompilaasje sjen fan de aardichste ynstjoerings.

Lerares fan it jier
Wat is it geheim fan in goeie learaar? Ellen Rombout is dosint skiednis oan de RSG Simon Vestdijk yn Harns. Sy is nominearre by de ferkiezing 'leraar van het jaar' en sit by de lêste trije fan de lanlike finale! Oer twa dagen wurdt de winner bekend makke. De learlingen binne sljocht op har, en ek sels seit se dat se de moaiste baan fan de wrâld hat. Yn Bynt heare we oft de spanning al oprint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)