Bynt fan 2 novimber 2015 17:20

- Oefenje mei heech wetter

Yn ‘e mist dy’t hjoed boppe ús provinsje leit, is hjoed de grutste heech wetter-oefening ea útein set. Projektlieder Sietze Sietzema leit út wat it belang fan 'e oefening is.

- De pipernuten fan Reitse

Reitse giet foar ús op syk nei dé Fryske pipernút. En dan is fansels de fraach; hokker smakket better? De Fryske pipernút of de Hollânske krûdnút?

- Weromrop

Nochris sjen nei de aventoeren fan Sybe Satellyt of Beant Baas. Fan dizze wike ôf kinne jo se fine op Weromrop. It nije digitale TV-argyf fan Omrop Fryslân. Yn Bynt in foarpriuwke fan wat jo opsykje kinne. Hjoed de grutte Friezenreüny yn 2000. Te sjen op www.weromrop.frl!

- Echte freonen

Simon Vuyk is ferneamd as misdiedsjoernalist. Foar syn nije boek, Echte Vriendschap, ruile hy de kriminaliteit yn foar de freonskip. Dat brocht in boek fol ferhalen oer freonskip fan ferneamde en minder ferneamde minsken op.

BY02KO03

Reitse op syk nei de Fryske pipernút

BY02KO02

Echte freonskip op Flylân

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)