Bynt fan 2 maart 2016 17:20

Húsfesting foar flechtlingen yn de doarpen
Titus Sijmonsma fan Doarpswurk fertelt yn Bynt mear oer it projekt 'Flechtlingen mei in status yn myn doarp'. Dit projekt is in oprop oan alle doarpen om te ûndersykjen as se húsfesting ha foar statushâlders. Doarpswurk leaut yn de krêft fan lytse mienskippen dy't der foar soargje kin dat eltsenien him thús fielt. Dêrneist wolle se mei dit projekt in bydrage leverje oan de trochstream yn AZC's.

Yn Fryslân lytsere kâns om in hartstilstân te oerlibjen
De kâns om in hartstilstân te oerlibjen is yn Fryslân in stik lytser as yn de oare provinsjes. Dat komt omdat de ambulânses hjir faak net op tiid wêze kinne. De help fan boargerhelpferlieners is dus needsaak. Lykele Feenstra is sa'n boargerhelpferliener. Mei syn flugge hanneljen rêde hy it libben fan Herman Willegers.

Bunkers op Skylge
Dizze wike litte we fjouwer bysûndere bunkers fan de Tigerstelling op Skylge sjen. Miskien wol de meast opfallende bunker dêr is de saneamde kantinebunker. Yn dit bakstiennen gebou boppe de grûn hâlden de Dútsers gearkomsten. It is ien fan de earste bunkers dy't opknapt is troch de frijwilligers fan de stichting Bunkerbehoud Terschelling.

Museum Drachten is onvergetelijk
Demintearjende minsken in ûnferjitlike dei yn it museum besoargje, dat is de efterlizzende gedachte fan it projekt: Onvergetelijk. Nije wike begjinne se yn Museum Drachten mei dizze spesjale rûnliedings. Ien fan de betinkers is Anouk Heesbeen.

BY02CP02

De kantinebunker is ien fan de meast bysûndere bunkers op Skylge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)