Bynt fan 2 maaie 2016 17:20

Lieven Bertels, de grutte man achter Kulturele Haadstêd 2018

Yn dizze fakânsjewike meitsje we yn Bynt romte foar ien gast. Ien gast dy't we 24 minuten lang it himd fan it liif freegje kinne. Nijgsjirrige gasten dy't op ien oft oare wize in rol spylje yn ús mienskip. Jûn is dat Lieven Bertels, de artistyk lieder en direkteur fan Kulturele Haadstêd 2018. Wat wol hy dat der mei ús en mei ús provinsje bart yn 2018?

Lieven Bertels (1971) komt oarspronklik út Belgysk-Limboarch. Hy studearre keunstskiednis en muzikology oan de universiteit fan Leuven, en muzykkomposysje yn Durham (Ingelân). De ôfrûne jierren wie er ferantwurdlik foar grutte kulturele festivals, lykas de iepening fan it konsertgebou yn Brugge, it Holland Festival yn Amsterdam en it Sydney Festival yn Australië. Sûnt febrewaris dit jier wennet Bertels yn Ljouwert foar syn nije baan. Hy is de grutte man achter Kulturele Haadstêd 2018.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)