Bynt fan 2 maaie 2014 18:30

Willem de Vries wit hoe't je in feestje bouwe moatte. Al jierren is er ferantwurdlik foar it Noardewyn-poadium op Befrijdingsdei yn Ljouwert. Mei it ferskaat oan Fryske acts dy't hjir optrede is it altyd in grut sukses. Mei Willem sjogge wy foarút op de dei fan moandei, en ha wy it der ek oer yn hoefier 'Frysk' in muzyksjenre is. En der hat Yvonne Bleize fan de organisaasje fan Liet ek wol in miening oer.

Wat foar grutter ferhaal sit der achter de klok fan Boksum? Der geane we hjoed nei op syk yn it Fersetsmuseum Ljouwert. De lêste reportaazje yn ús rige 'De Twadde Wrâldoarloch yn fiif objekten'. Dy begûn mei de Joadestimpel en einiget mei in needklok...

En: superfoods binne hip. Mar wisten jo dat je se ek gewoan yn je eigen tún fine kinne? Tink bygelyks oan boerekoal. Mar ek fan guon wat minder foar de hân lizzende planten kinne je hearlik én sûn iten meitsje. Dat ûnderfynt Miranda jûn as se priuwt fan de brannettelsop fan Aat. Hjir is nochris it resept.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)