Bynt fan 2 juny 2016 17:20

Debat: handelsboykot foar homowegeraar
Mei in gemeente in bedriuw boykotte, as dat in homostazjêr wegeret? Dat is de fraach yn dizze útstjoering fan Bynt. Jûn giet de gemeenteried fan Smellingerlân yn debat oer de firma De Boer yn Drachten. De gemeente wol in jier lang gjin saken dwaan mei dit bedriuw, omdat it ferline jier in stazjêr wegere fanwege syn homoseksualiteit. It CDA fynt dizze maatregel te hurd: it soe in dûbele straf wêze. De Boer is nammentlik troch de rjochter al feroardiele ta in boete fan 1600 euro.

Wy nimme yn Bynt in foarsprong op dit debat en geane yn petear mei Brenda Ottjes, direkteur fan diskriminaasjemeldpunt Tûmba. Sy wol net prate fan in ‘boycot’: de gemeente libbet neffens har gewoan har antydiskriminaasjebelied nei. Otto van der Galiën, âld-politikus fan de PVV, ChristenUnie en SGP tinkt dêr hiel oars oer. ‘In folslein belachlike maatregel’ neamt hy de sanksje fan de gemeente.

De Slachte: in foarpriuwke
De kuierskuon steane klear, it waar liket moai: foar Miranda Werkman kin it net gau genôch sneon wêze. Dan rint se nammentlik de Slachtemaraton en docht dêr live ferslach fan op Omrop Fryslân. Dizze wike ferkent se yn Bynt alfêst de rûte. En dêrby rinne nijsgjirrige gasten mei har mei...

Fan Wesley en Robin nei Max en Kiki
Hoe komt it dizze simmer mei de sportleafhawwers, no’t ‘we’ net meidogge oan it EK fuotbal? Neffens mediasaakkundige Wytze Visser is der gjin reden ta treurnis. De sporthelden fan hjoed-de-dei hite ommers net Wesley, Robin of Arjen, mar Dafne, Steven, Max en Kiki. It wurdt in moaie sportsimmer!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)