Bynt fan 2 juny 2015 17:20

Twa nije ynwenners foar Hearrenfean
De gemeente Hearrenfean is sûnt in grinskorreksje fan 50 meter twa ynwenners riker. De famylje Poortman út Grou komt oer fan de gemeente Ljouwert. Jouke Poortman hopet dat der in ein komt oan in tiid dat se foar elkenien net te finen wiene, bygelyks de plysje of de post.

Moanne fan it spannende boek
Juny is de moanne fan it spannende boek. Dit jier is it tema ‘Politie’. Skriuwer en misdiedsjoernalist Simon Vuyk sjocht yn Bynt nei de rol fan resjersjeurs en detektives yn de literêre wrâld. Hokker myten bestean der oer plysjewurk? Kloppe de ferhalen eins wol? En makket dat eins wat út?

Rjochtdei
Yn Bynt kinsto dizze wike sjen nei de koarte film 'Rjochtdei'. It meitsjen fan dizze film wie de beleanning foar it moaiste ferhaal dat útkeazen is by de ferhalewedstryd fan It Skriuwersboun. Hjoed it earste diel fan dit yndrukwekkende ferhaal oer de earste dagen nei de befrijing fan 1945...

Arsjitekt yn Sina
De inket fan it kontrakt is noch mar krekt droech. Ferline wike sette arsjitekt Hans Achterbosch syn hantekening foar syn twadde grutte opdracht, in museum, yn Sina. De Ljouwerter hat krekt de oplevering fan it earste projekt, in fakânsjepark yn de omkriten fan Liyang, achter de rêch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)