Bynt fan 2 juny 2014 18:30

Generaasje ‘nix’
De 'nix-generaasje' wurde se wol neamd. Jeugd fan ûnder de 18 jier dy't gjin drip alkohol mear drinke mei. Yn de diskoteek komme se net mear, en yn hieltyd mear gemeenten binne keten ek ferbean. De fraach is dus: wêr binne se dan wol? Hoe bringe jongeren fan ûnder de 18 de sneontejûn troch? Miranda Werkman gie op nachtlik ûndersyk út.

Special Olympics
De rige giet dizze wike wer oer de Special Olympics. Dy wurde yn juny hâlden yn Fryslân. Wy folgje fjouwer G-sporters yn de oanrin nei dit grutte evenemint. Hjoed fuotballer Jeffrey van Uffelen. Mei syn team spilet er in oefenwedstriid en hy wurdt coacht troch nimmen minder as Foppe de Haan. Sjoch ek op http://www.specialolympics2014.nl/.

Lekkers fan de Bynt-tún
En we binne wer yn de Bynt-tún. Grientekweker Aat Oosenbrug fan Donkerbroek en ferslachjouwer Miranda Werkman meitsje ditkear in alderhearlikst neigesetsje fan likeur en echte Bynt-ierdbeien. Foar de keukenprinsen en -prinsessen: sjoch hjirûnder foar it resept.

We komme dit seizoen noch ien kear werom yn de Bynt-tún, yn ús lêste útstjoering op freed 20 juny. Mochten jo no noch fragen ha, oer wat je no fan 't simmer allegear wol of net dwaan moatte yn de tún, mail se ús dan alfêst. Dat kin nei bynt@omropfryslan.nl.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)