Bynt fan 2 febrewaris 2016 17:20

Provinsje pakt ôffaloven REC oan
De provinsje Fryslân leit de ôffaloven REC yn Harns in twangsom fan tonnen op. Dêrmei jouwe de bestjoerders in sinjaal ôf. Miranda Werkman dy't dit dossier op de foet folget, jout fanút it provinsjehûs in analyze, tegearre mei steatelid Retze van der Honing fan GrienLinks.

Fries yn reklamespot Rabobank
Fries om utens Jeroen Dekker is te sjen yn de nijste telefyzjespots fan de Rabobank. Syn bedriuw, Active Ants, is in wichtige spiler in de online winkeljen-brânsj.

It fjild is leech
Aaisykjen is dit jier wer net tastien. Foar de fjildmannen yn ieren en sinen in grut fertriet. Ferline jier makken wy in reportaazje mei ien fan harren. Dy stjoere we jûn nochris út.

Reedrydmuseum yn nije hannen
Gauke en Gretha Bootsma hâlde nei 35 jier op mei it reedrydmuseum yn Hylpen. It bliuwt wol yn de famylje, want de soan en beide dochters nimme it stokje oer. Mei heit Gauke en soan Pieter Bootsma besjogge we de moaiste museumstikken.

BY02BP03

It fertriet fan in fjildman

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)