Bynt fan 2 febrewaris 2015 17:20

Itensiede foar goud
Topkok Jan Smink fan Wolvegea sette alles oan de kant foar it wrâldkampioenskip itensieden. Ofrûne wike waard hy njoggende by de wrâldferneamde Bocuse d’Or kompetysje. Jûn skoot Jan oan tafel om te fertellen oer de wedstriid. Hoe dreech wie it? En wie it alle ynspanningen wurdich?

Bospest
Sa'n 100 jier ferlyn is der in beam, de saneamde Amerikaanske Vogelkers (Boskpest), nei Fryslân helle. De bedoeling dêrfan wie om de leafbosken yn ús provinsje wat hurder groeie te litten. Mar de natuerlike pleagen fan de Vogelkers binne der hjir op de Fryske sângrûn net. Dêrom driget it no in pleach te wurden, dy’t de lânseigen leafbeammen yn it paad stiet.

Trochsetter Jaring
Dizze wike bringe wy fjouwer reportaazjes oer trochsetters. Jûn begjinne wy mei it ferhaal fan Jaring Melchers fan Tsjerkgaast. De dokters seine tsjin him dat er nei syn ûngelok nea wer rinne soe. Mar Jaring sette troch en helle goud op de Special Olympics.

Panama
Wiebe de Boer, berne yn Ljouwert, is sûnt 2011 de Nederlânske ambassadeur yn Panama. Hy hat de ambassade sels opset, wat in hiel aventoer wie. Yn Nederlân kenne wy Panama foaral fan de fermissing fan twa famkes út Apeldoorn. De Boer snapt dat wol, mar seit dat hy gelokkich noch folle mear docht. Sa hat hy in soad kontakt mei it bedriuwslibben, en tinkt hy om de Nederlânske belangen yn Panama. Yn Bynt fertelt Wiebe de Boer syn ferhaal fan de ôfrûne jierren...

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)