Bynt fan 2 desimber 2014 17:20

*Rendert Algra
*DNA op 'e dyk?
*Bier is booming
*Gastfrij Gaasterlân: diel twa

It eardere Twadde Keamerlid Rendert Algra hat in frije fal makke op de CDA-kandidatelist foar de provinsjale ferkiezings troch negative stimmings fan in tal ôfdielings. Hoe giet Algra fierder, no't er op in net ferkiesber plak stiet?

Doede de Jong is feroardiele foar it tyljen fan himp en moat dêrom syn DNA ôfstean oan de lanlike DNA-databank. Moarn giet er dêr tsjin yn beswier. Hy fielt him kriminalisearre en stigmatisearre. Dochs hat DNA ek in soad saken oplost. Moatte je ôfstân dwaan fan je DNA as je ien kear yn de fout geane? Advokaat Tjalling van der Goot stiet De Jong by en is jûn te gast yn Bynt.

Bier is 'booming'. Hieltyd mear minsken begjinne sels in brouwerij. Hans Warning is bierkarmaster en sels ek betûfd brouwer. Jûn lit er Roelof priuwe fan syn eigen bierke.

Yn de rige fan dizze wike geane wy op syk nei it antwurd op de fraach: hoe gastfrij is Gaasterlân? It gebiet hat in bysûndere tradysje as it giet om it opfangen fan flechtlingen: Belgen yn de Earste Wrâldoarloch, ûnderdûkers yn de Twadde Wrâldoarloch, en Molukkers yn de jierren '50 en '60. No moatte der asylsikers opfongen wurde, mar it is mar de fraach oft dat trochgiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)