Bynt fan 2 desimber 2013 18:30

It is hjoed de dei fan de romtlike kwaliteit. Oan dy dei is de útrikking fan de Anita Andriesen-priis taheakke. Dit jier is de priis wûn troch Doarp en Bedriuw Fryslân. Direkteur Martin Cnossen fan DBF skoot oan, tegearre mei lânskipsarsjitekt Peter de Ruyter. Fansels om te praten oer dizze dei, mar is Fryslân wol sa moai as wy faak sizze?

Yn de rige fan dizze wike pakke wy wat 'cold cases' fan Tresoar by de kop. Tresoar besiket âlde saken út it argyf op te lossen. It giet dan bygelyks om geheimskrift, moarden dy't nea oplost binne en persoanen dy't ferdwun binne. Yn Bynt begjinne wy hjoed mei it foto-album fan in Dútske soldaat dy't yn de oarloch yn Fryslân siet. Wa wie hy?

Aat Oosenbrug nimt ús jûn mei de tún yn. No't it winterwaar der oan komt, is it tiid om wat mear foar de fûgeltsjes te dwaan. Hoe kinst se de winter troch helpe? Wat moatst bygelyks oan iten yn de tún delsette? En hokker fûgels komme dêr dan op ôf?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)