Bynt fan 2 april 2015 17:20

The Passion
Jûn is it wer tiid foar it grutte spektakel fan The Passion. Yn in gigantyske show op telefyzje wurdt de krusiging fan Jezus neispile. Ek yn De Bjirmen wurdt in ferzje fan The Passion opfierd. Sander Teertstra spilet Jezus, mar skoot earst oan yn Bynt.

Marijke Meu
Se soarge foar de rêding fan ús hjoeddeistige keningshûs. En dan ha ik it oer Marijke Meu of wat formeler Maria Louise van Hessen-Kassel. Dit jier wurdt betocht dat dizze bysûndere frou 250 jier lyn ferstoarn is.

Wurkje oan de rinnende bân
Alle dagen stean se der wer, yn fabriken en produksjehallen. De manlju en froulju efter de rinnende bân en masinen, dy't alle dagen itselde wurk dogge. Somtiden mei tsjinsin, gauris mei nocht en wille. Hjoed in portret fan Romke, hy wurket by de Noord Nederlandse Draad Industrie.

Vine-fenomeen Twan Kuyper
De 19-jierrige Twan Kuyper begûn twa moanne lyn mei it meitsjen fan wat grappige filmkes foar de app Vine. Dat binne filmkes fan seis sekonden. No hat er al sa’n 800.000 folgers op syn kanaal. Hoe is dat him slagge? En hoe makkest eigentliks in goeie Vine?

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)