Bynt fan 2 april 2014 18:30

Woonfoyers, in partikuliere soarchynstelling foar ûntspoarde jongerein, is in grut sukses. Yn in pear jier tiid biedt de ynstelling mei 20 meiwurkers no help oan 75 jonges en famkes dy't net mear thús wenje kinne. Se hawwe fêstigings yn Fryslân, Grins en Drinte en in jierlikse omset fan 2 miljoen euro. Is 'Woonfoyers' mei in kombinaasje fan idealisme en kommersje in serieuze konkurrint fan de reguliere soarch? Jûn yn Bynt in reportaazje fan Henk te Biesebeek.

It fielt as harren thús en dus is der gjin hier op 'e holle dy't der oantinkt om te ferhuzjen. We sjogge al de hiele wike by de bewenners fan de beverhokken yn Surhústerfean, fine it goed sa't it is. Allegear hawwe se harren eigen reden wêrom it harren thús is.

Hy hie nei de ferkeap fan syn advysburo lekker op in tropysk eilân sitte kind mei in drankje yn de hân. Ynstee dêrfan keas Rikus Sinnema foar hiel wat oars. Mei syn nije soarchoanbieder Idesta wol hy de soarch werombringe nei de lytse doarpen. Fan 24-oers soarch oant de buurtkapper. Dizze wike waarden hântekens set foar de ferbou fan it earste soarchkompleks yn Stiens en dêrom sit Rinus Sinnema oan tafel, tegearre mei fêste gast Margreet de Graaf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)