Bynt fan 19 oktober 2015 17:20

Mister Hearrenfean oer de sportive krisis
Nei de bestjoerlike krisis by SC Hearrenfean giet it no ek hielendal ferkeard op it fjild. Ofrûne wykein waard der thús mei 5-2 ferlern fan Feyenoord en de ploech stiet op it fyftjinde plak in de kompetysje.

Teaterfoarstelling Grûn
Tryater pakt út want it selskip bestiet 50 jier. Yn de famyljekronyk Grûn fertelle sechtjin akteurs it ferhaal fan twa boerefamyljes. En dat wurdt in hiele sit, want de foarstelling duorret mar leafst fjouwer oeren.

Kommardel.nl
Yn dizze Fryske muzykwike komt Omrop Fryslan moarns betiid del by ien fan har harkers. In ferneamde Fryske artyst jout dan in minykonsert. Hjoed dogge wy dat mei Grytz en Grize.

Aktrise Tamara Schoppert
Tryater bestiet dus 50 jier. Ek aktrise Tamara Schoppert hat in soad foar de toanielgroep spile. Spitigernôch koe se troch in blessuere net meidwaan mei de foarstelling Grûn, mar se hat jierrenlang it teaterselskip fan tichtby meimakke.

Wike fan de Fryske Top 100: húskeamerkonsert Grytz en Grize

It húskeamerkonsert fan Grytz en Grize

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)