Bynt fan 19 novimber 2014 17:20

Sjonger Marcel Smit
De nijste cd fan Marcel Smit is klear en komt freed út. Fol mei nije nûmers, mar ek bekende ferskes lykas 'Omstekeard' en 'In part fan dy'. Se binne foar it grutste part live opnaam. Jûn fêst in foarpriuwke fan de cd yn Bynt...

De samling oer Edith Piaf
Aafke Venema út Dronryp is grut fan fan Edith Piaf. Se hat in pear hûndert saken dy't mei de Frânske sjongeres te krijen ha. Takom wike stiet se mei har kolleksje op de Verzamelaarsbeurs yn Utrecht. Se is dêrfoar frege om't it yn 2015 alwer 100 jier lyn is dat Piaf berne waard.

De Sintrale As
De Sintrale As moat Dokkum better berikber meitsje. Der wurdt al jierren lang oan de dyk wurke, en it duorret ek noch wol even. Yn 2016 moat de dyk klear wêze. Bynt stjoert dizze wike ferslachjouwer Eduard Rekker by de Sintrale As del om te sjen hoe't it der foar stiet. Hjoed komt er oan yn Burgum.

Plastysk sjirurch
Fan grutte uterlike feroarings dy't we faak yn Hollywood sjogge, oant needsaaklike yngrepen tsjin bygelyks de pine. Plastyske sjirurgy is net mear fuort te tinken. Dizze freed is it de nasjonale dei fan de Plastische Chirurgie. Besikers fan it MCL kinne dan mear te witten komme oer it wurk fan in plastysk sjirurch, en jûn prate wy der oer mei sjirurch Tijmen de Jong.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)