Bynt fan 19 novimber 2013

Yn Bynt jûn omtinken foar de plannen fan it regear om in grut wynmûnepark by It Amelân oan te lizzen. Wethâlder Nico Oud is der net bliid mei, en Imca Marina ek net.

As selsstannige dyn foet brekke is dûbel pech. Want de syktewet bestiet net foar dy. In fersekering kostet in protte jild. Wat ek kin is dy oanslute by in Broodfonds. It Fryske broodfonds, bûter, brea en griene tsiis hat it haadkantoar yn Baard en Anke is de foarsitter. Ferslachjouwer Berber Hania gie op besite foar de rige oer de krisis.

En Geesje Duursma hat it oer de krisis. Welke kar meitsje jo no't it jild mar ien kear de doar út kin?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)