Bynt fan 19 maaie 2015 17:20

Elske DeWall yn aksje foar KiKa
Mei in telefyzje-útstjoering op NPO 1 wurdt moarntejûn oandacht frege foar kanker by bern. Spesjaal hjirfoar ha de 3Js harren nûmer ''Je Vecht Nooit Alleen'' opnij opnaam. Dat diene se dizze kear net mei syn trijen, mar se fregen de help fan sjongeressen Shirma Rouse en ús eigen Elske DeWall.

Werom út Nepal
Twa grutte ierdbevingen hawwe in grutte ferwoasting oanrjochte yn Nepal. Annette Reiling wennet 5 moannen yn it jier yn it Aziatyske lân. Fannacht sliepte se foar it earst yn wiken wer ris yn in echt bêd. Se kaam justerjûn werom út Azië, dêr’t se de ierdbevingen meimakke. Dêrnei sliepte se allinnich noch yn in tinte.

Muorrekeatsen
Dizze snein noch waard Tjisse Steenstra kening op de frije formaasjepartij yn Sint-Anne. Winters spilet er in oare fariant fan de sport: it muorrekeatsen. It wurdt faak sjoen as in bedriging foar it Fryske spul, mar miskien is it wol de boppeslach dy't it Fryske keatsen út de mindere tiid helpe kin.

Songfestival
Sil de outfit fan Trijntje ús no wol of net fierder helpe en is it ferske in hit of in flater? Ek al dogge we der altyd wat ûnferskillich oer, Nederlân is dochs elk jier wer yn de ban fan it Eurovisie Songfestival. Jûn is de heale finale, dan witte we oft Trijntje Oosterhuis ús nei de finale sjonge kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)