Bynt fan 19 maaie 2014 18:30

De dream fan Wubbo Ockels
It ferstjerren fan romtefeart-pionier Wubbo Ockels is in grut ferlies foar Nederlân, mar ek foar Fryslân. Dat fynt Bouwe de Boer, enerzjykoördinator fan de gemeente Ljouwert. Jûn dielt er syn oantinkens oan Ockels yn de studio fan Bynt. De twa wurken in soad gear foar it organisearjen fan de Solar Boat Challenge yn Fryslân. Hoe kinne wy de dream fan Ockels fan in bettere wrâld wiermeitsje?

SC Hearrenfean
Fierder sjogge wy hjoed by de parsepresintaasje fan de technyske staf fan SC Hearrenfean en prate wy mei Dwight Lodeweges. Hoe sjocht hy oan tsjin it nije seizoen? Hokker spilers bliuwe, en wa giet fuort?

Fryslân en Europa
Yn de rige fan dizze wike omtinken foar de Europeeske ferkiezings. Hjoed: iten. De EU kontrolearret en folget ús iten fan produksje oan't konsumpsje. Wy folgje op ús beurt ien fan de ynspekteurs fan de Voedsel-en Warenautoriteit by syn wurk.

Molkrûte op 'e fyts
En: in fytsrûte om it Tsjûkemar hinne om de oarsprong fan de molke sjen te litten. Dat is in nij inisjatyf om mear toeristen te lûken. De rûte giet by doarpen del dêr't âlde molkfabriken steane. Fabriken dy't yn 'e histoarje hiel bepalend west hawwe foar de ûntwikkeling foar dy doarpen. Us saakkundige Martin Cnossen gie nei it súdwesten fan ús provinsje om de molkrûte te belibjen.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)