Bynt fan 19 jannewaris 2016 17:20

Kinne wy dit jier aaisykje of net?
Aaisikers sieten hjoed yn spanning. Der soe in beslút komme oer it ljipaaisykjen, mar Deputearre Steaten binne der noch net út. De kwestje leit gefoelich. Ophâlde mei sykjen omdat it striemin giet mei de ljip of liedt it sykferbod ta gjin neisoarch. Ysbrand Galama , aaisiker en greidefûgelûndersiker, leit út wêrom‘t de provinsje mar net ta in beslút komme kin.

Enerzjylabels mei mankeminten
“It enerzjylabel hie nea ynfierd wurde moatten”, seit enerzjyadviseur Eric de Jong. Sûnt begjin 2015 is it ferplichte dat elk hûs in enerzjylabel hat, mar der komme hieltyd mear mankeminten fan dit label oan it ljocht. Eric de Jong fertelt yn Bynt watfoar problemen oft hy tsjinkomt en wat neffens him de oplossing is.

Hé dêr, ik brûk wotsêp!
Frysk prate, dat kinne de measte Friezen wol, mar it skriuwen is in stik dreger. Undersyk docht bliken dat de Fryske jeugd hieltyd mear Frysk skriuwt, mar dat dat net altyd geef is. Dêrom sjogge wy fan ‘e wike hoe't jonge Friezen omgean mei de memmetaal op sosjale media.

Mister Snitswike nei premjêre Amsterdam
Drank, pillen en horror, de nije film Sneekweek hat it allegearre. Juster wie de premjêre yn Tuschinski yn Amsterdam. Wy stjoerden Mister Snitswike Paulus Schakel as resinsint derhinne. Wat fûn hy fan de film?

BY19AP03

Harmen Brouwer oer Frysk op sosjale media

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)