Bynt fan 19 febrewaris 2016 17:20

Bynt Sport op freed
Bynt op freed betsjut dat it wer tiid is foar: Sport, sport en nochris sport! We beprate de sitewaasje yn 'e Fryske fuotbalwrâld mei trije sportsjoernalisten. Oan tafel sitte Gerard Bos fan it Friesch Dagblad, Jaap Stalenburg fan Helden en Harry Vermeegen. Kinne jo him noch? Mei harren prate wy ûnder oaren oer de nije Cambuur-trainer Marcel Keizer, it wikselfallige SC Hearrenfean, de besite fan Harry Vermeegen oan Henk de Jong en it stadionferbod fan Jaap Stalenburg.

Mark Diemers
Ek sjogge wy yn Doetinchem by De Graafschap-spiler Mark Diemers, dy't hikke en tein is yn Ljouwert. Diemers rûn de hiele oplieding by SC Cambuur troch en waard mei de Ljouwerters sels kampioen fan de Jupiler League. No spilet er by dé grutte konkurrint fan Cambuur yn 'e striid om degradaasje te ûntrinnen, De Graafschap. Wy makken in reportaazje fan Stadion De Vijverberg ôf...

En fierder?
Fansels hawwe we wer in fantastyske priis yn Arjens Sportkwis. Dêrfoar hawwe we wol it goeie antwurd nedich op de, sa as gewoanlik, drege fraach. De Kening fan Kongo sjocht wer yn syn glêzen bol en foarseit de útslach fan de wedstriid tusken FC Twente en SC Cambuur. Jo kinne der net omhinne, sjen dus nei Bynt Sport!

BY19BP02

Op besite by Mark Diemers

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)