Bynt fan 19 febrewaris 2015 17:20

Freek Vonk yn de Alde Feanen
Hy stiet each yn each mei de giftichste slangen, swimt tusken de deadlike haaien en rint net fuort foar in grizzlybear. De populêre tillevyzje-biolooch Freek Vonk hie wat dat oanbelanget hjoed in wat rêstiger dei. Tegeare mei Germ van der Burg gie hy de natuer yn, yn de sa leaflike Alde Feanen om in podcast op te nimmen.

Feroaringen by Omrop Fryslân Radio
Jierrenlang wie Omrop Fryslân de grutste stjoerder fan Fryslân. Mar hieltyd minder minsken harkje fia de radio nei de Omrop. Yn in jier tiid is it merkoandiel mei 4 persint nei ûnderen gien. It antwurd hat net lang op him wachtsje litten, want de radioprogrammearring by ús kollega's fan de radio giet fan maart ôf kompleet op 'e skeppe.

Op besite by Pastiel
Yn Fryslân binne der 5000 sosjale wurkplakken. Troch saken lykas de nije partisipaasjewet komme de ynstellingen hieltyd mear ûnder druk te stean, en dat soarget foar ûnrêst ûnder it dochs al sa kwetsbere personiel. By Empatec is der yn 2013 in reyntegraasjeprojekt opsetten mei de namme PASTIEL. In yn Nederlân unyk trajekt om minsken mei in útkearing binnen in pear wiken wer perspektyf op in baan te jaan.

Boarre nei gas op Skylge
Grutte ûnrêst op Skylge. It bedriuw Tulip Oil wol boarje nei gas ûnder it eilân. In geweldich moaie kâns fynt Tulip Oil. Mar de eilanners tinke dêr hiel oars oer. Sy fine it ûnbegryplik.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)