Bynt fan 19 febrewaris 2014 18:30

  • Gerard Schepers fan de NHL

Set Bert Heerink, Peter Groot Kormelink, Erik Mesie en Joost Marsman by inoar op it poadium en it wurdt feest! Mei twa sjongeressen sille dizze Heeren van Oranje by de teaters del mei har sjo Spelen, mei ûnder oaren hits as 'Stiekem Gedanst', 'Liefdesliedjes' en 'Burning Heart'. Jûn yn Bynt fertelle Heerink, Groot Kormelink en sjongeres Froukje Kits, wat der sa moai is oan dizze teatertoer.

In soad minsken tinke dat wynenerzjy de maatskippij foaral jild kostet. Dat der bulten subsydzje by moatte en it dêrom net út kin. Gerard Schepers, professor yn de wynenerzjy oan de NHL tinkt der oars oer. Neffens him sit der op nukleêre enerzjy twa kear safolle subsydzje as op wynenerzjy. Reden foar ús om him ris op te sykjen.

Trettjin sikehûzen yn Fryslân, Drinte en Grinslân hawwe in nij systeem yn gebrûk naam om medyske gegevens út te wikseljen. Dit om pasjinten flugger en better helpe te kinnen. Nea earder is der yn Nederlân tusken sa folle sikehûzen ien mienskiplik IT-projekt opset. Mei fêste gast Margreet de Graaf prate wy oer it belang hjirfan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)