Bynt fan 19 desimber 2013 18:30

SC Hearreanfean hat in nij bestjoer, mar de ûndernimmingsried is net tefreden. Sportferslachjouwer Roelof de Vries skoot oan om te fertellen hoe't it der no by stiet by de klup.

Hoe gean jo dermei om as jo freon of soan in slim ûngelok krijt? Dat is de fraach yn de nije dramasearje De Keet dy't fan 4 jannewaris ôf te sjen is by Omrop Fryslân. Oan tafel yn Bynt prate wy oer it meitsjen fan de searje mei regisseur Mirjam de With en haadrolspilers Tamara Schoppert en Laurens van den Akker.

Wol of net nei Sotsji, dêr draait it allegearre om op it Olympysk kwalifikaasjetoernoai. Fan 26 oant en mei 30 desimber fynt dat toernoai plak op Thialf, dêr't tickets foar Sotsji te fertsjinjen binne. De hiele wike yn Bynt reportaazjes oer Fryske kânshawwers op sa'n ticket nei Ruslân. Hjoed is dat Yvonne Nauta, spesjalist op 'e lange ôfstannen.

Yn de perioade tusken de Earste en Twadde Wrâldoarloch is yn Nederlân in ferskaat oan keunst makke. Steven Sterk nimt ús mei nei de eksposysje “Palet van het Interbellum” yn museum Dr8888 om sjen te litten wat him sa oansprekt oan dy keunst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)