Bynt fan 19 april 2016 17:20

Pesterij op middelbere skoallen
Yn elke middelbere skoalleklasse sitte 3 bern dy't pesten wurde. Elbrecht Claus jout bern 'weerbaarheids-trening. Mei har prate we oer de moeilike fraach: hoe kinne we it pesten oplosse of foarkomme?

Youtube-hit en nepwimperûndernimmer
Har Instagram-foto's fan spektakulêr opmakke eagen, wurde troch mear as in miljoen minsken besjoen. Kosmetika-merken 'smeke' har om hun make up te brûken. Troch dat sukses kinAn Knooke fan Ouwesyl ek online har eigen merk nepwimpers ferkeapje, en de hiele famylje wurket yntusken mei oan it bedriuw.

Boeken restaurearje
Yn de krochten fan de Blokhúspoarte wurkje in pear spesjalisten oan in noch ûnbekend ambacht: it waskjen fan iuwenâlde boeken. Je soene sizze in ûnmooglike kombinaasje: papier en wetter...

Raynaud Ritsma dûkt yn it Dadïsme
Fan't wykein iepenet yn Museum Dr8888 de tentoanstelling Holland Dada and the International Context. Vangrail-sjonger Raynaud Ritsma mocht him alfêst besjen en wie hiel ferrast!

BY19DP02

Raynaud Ritsma yn Museum Dr8888

BY19DP01

Boeken restaurearje yn de Blokhúspoarte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)