Bynt fan 18 novimber 2013 18:30

Ien jier lyn stie Fryslân op 'e kop. Mei de arrestaasje fan Jasper S. kaam der in ein oan de saak Vaatstra. Miranda Werkman sjocht werom op dy perioade mei teamsjef Cor Reijenga fan de plysje.

Yn de nije rige sil ferslachjouwer Berber Hania besykje om, yn dizze tiid fan krisis, har waskmasine te reparearjen. Hoe? Troch in oar syn keuken te fervjen. Sil har waskmasine wer draaie?

Us saakkundige Aat Oosenbrug sil prate oer it nije inisjatyf fan de kowetún fan Anke Edens: http://www.omropfryslan.nl/nijs/plan-foar-kowetun-yn-ljouwert. Hoe sil dit idee útpakke en hoe past it yn de takomst fan de suvelyndustry?

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)