Bynt fan 18 maart 2015 17:20

De doarpstún fan Wiuwert
It wie in keal en saai parkearplak oan it begjin fan it doarp Wiuwert. No is it feroare yn in echte doarpstún, en dêrmei is Wiuwert de Fryske ynstjoering foar de lanlike finale fan ‘Kern met Pit’. In wedstriid foar bysûndere inisjativen dy't de eigen buert ferbetterje.

Flexchair yn de hynstesport
De flexchair is op it stuit de nijste ûntdekking yn de hynstewrâld. Fysioterapeut Harmet van der Meer is de iennichste dy’t der mei wurket. Oan tafel yn Bynt leit se út wat de flexchair is en hoe’t er wurket.

Steateferkiezingen
De spanning rint op yn it Provinsjehûs. It duorret net lang mear en dan slute de stimburo’s yn ús provinsje. Wy skeakelje live mei it provinsjehûs der’t ús eigen polityk ferslachjouwer Andries Bakker stiet mei it lêste nijs.

Rûchhouwers
Sa hurd mooglik opinoar knalle. Dat is de kick fan it saneamde Banger Racen. De sport stiet sintraal in de aksjedokumintêre Rûchhouwers fan regisseur Wilfried Bijma. Hy folge sawat in jier lang in groep fanatike autokrossers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)