Bynt fan 18 maart 2014 18:30

Marketingburo's dogge al jierren har bêst om Fryslân op de kaart te setten. Mar hoe dogge je dat? We prate hjoed mei Loek Hogenhout. Hy is de nije direkteur fan it provinsjale marketingburo foar Fryslân. Wêr wol hy yn de takomst op ynsette om mear toeristen nei ús provinsje te krijen?

En we bliuwe noch even by it toerisme. Want de Fryske Waadkust is net oantreklik genôch. Dat fynt alteast skriuwer en Waadleafhawwer Peter Karstkarel. Yn Holwert binne der plannen om dat te feroarjen, der moat in Waadseehaven yn it doarp komme. Hjoed ôflevering 2 yn de rige.

Mei de simmer yn it foarútsjoch binne in soad minsken alwer dwaande mei it boeken fan harren fakânsje. Tsjintwurdich giet dat faak fia ynternet. Wêr moatte je no op lette as je online in fakânsje boeke? En hoe betrouber binne eins dy resinsjes dy't je lêze kinne op websides as Zoover of bookings.com? We prate der oer mei ynternet-ekspert Schelte Meinsma en Marc van Gulick fan Landgoed Lauswolt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)