Bynt fan 18 juny 2015 17:20

Ramadan
Gjin iten, gjin drinken, net roke en gjin seks salang de sinne op is. En dat 40 dagen lang. Ek yn Fryslân binne hjoed moslims úteinset mei de Ramadan. Jûn sjogge wy nei de betsjutting fan Ramadan foar moslims.

Bikinys út Alde Leie
Wy dûke jûn yn de wrâld fan de damesmoade. Ut in âlde pleats yn Alde Leie wei is Ella Wiersma al 20 jier dwaande mei it ûntwerpen en ferkeapjen fan ûnder oaren bikinys. Har bedriuw Cyell is ien fan de grutte spilers yn de ynternasjonale bikiny-moade. Mei tank oan de opkomst fan ynternet.

Oerol
Bynt docht de hiele wike ferslach fan Oerol ôf. Wy binne op Skylge om de ferskate foarstellingen te besjen en der reportaazjes fan te meitsjen. Hjoed is Miranda by de foarstelling ‘Holes’ fan Tryater. Mei haadrolspiler Romke Gabe Draaijer praat se oer it stik. Albert seach by ‘Dead End’. In yndrukwekkende foarstelling mei Sytze Pruiksma oer boatflechtlingen dat spile wurdt oan see.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)