Bynt fan 18 desimber 2015 17:20

De lêste Bynt fan 2015
Yn Bynt sjogge wy jûn werom op it ôfrûne jier. Dat dogge wy mei trije fan ús fêste gasten. Sjoernaliste Mylène de la Haye, mediaman Wytze Visser en sportsjoernalist Gerard Bos.

It jier 2015
Wie 2015 it jier fan de flechtlingen? Fan de stoarmen dêr’t it KNMI koade oranje of read foar joech? Of dochs fan de útskeakeling fan Oranje? Mei ús gasten pakke wy de grutste nijsferhalen derby, mar ek it lytse, persoanlike nijs komt foarby.

Samen voor de Voedselbank
Fansels ek hjoed oandacht foar de aksje ‘Samen voor de Voedselbank’. Miranda Werkman komt mei de einstân. Hoefolle guod is der ophelle foar de itensbanken yn Fryslân?

BY18LO01

De 3 nijsferhalen dêr't yn Fryslân it meast oer Twittere waard.

BY18LO03

De 3 nijsberjochten dy't it meast oanklikt binne op de webside fan Omrop Fryslân

BY18LO02

2015 wie gjin bêst jier foar it Nederlânske en it Fryske fuotbal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)