Bynt fan 18 desimber 2013 18:30

It Saailân yn Ljouwert is de kommende wike it middelpunt fan Nederlân. Turner Epke Zonderland docht aanst de doar ticht fan it Glêzen Hûs. Yn Bynt sjogge wy op it plein, mar prate wy ek oer wat dit betstjut foar it imago fan Ljouwert. Wat is dat imago krekt, en hoe kin dat feroarje de kommende dagen?

It ferskil tusken yn in ynstelling wenje of je ergens thúsfiele sit him yn lekker ite en drinke, benammen yn dizze tiid fan it jier. Dat is de filosofy fan ús fêste gast Evert Fokkema, direkteur fan soarchynstelling Leppehiem yn Akkrum. Dus der wurdt flink útpakt mei it krystmiel. Fan 'e wike gie Roelof Lousma derhinne om alfêst te priuwen.

Riders as Sven Kramer en Ireen Wüst sille der wol nei ta gean, mar hoe sit it mei dy oare Fryske reedriders? Tusken krysttiid en âld en nij binne der tsien plakken te ferdielen oer alle ôfstannen foar Sotsji. De hiele wike bringe we jo yn de kunde mei fiif fan Fryske kânshawwers. Hjoed Sjoerd de Vries.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)