Bynt fan 18 april 2016 17:20

Turnmanlju nei Olympyske Spelen
Foar it earst yn de skiednis hawwe de Nederlânske turnmanlju harren as team pleatst foar de Olympyske Spelen. Turn- en sportcoach Tjalling van den Berg neamt de manlju 'mentaal onverwoestbaar'.

Undersyk Wetsus nei Wetterbrêge
De wetterbrêge is ien fan de tastannen dêr’t wetter yn foarkomme kin. Promovendus Adam Wexler fan it ûndersyksynstitút Wetsus hat der ûndersyk nei dien. Tiisdei promovearret hy op it ûnderwerp hoe’t de wetterbrêge tapast wurde kin. Neffens direkteur Johannes Boonstra fan Wetsus is it ûndersyk fan grut belang en yn Bynt fertelt hy hjir mear oer.

Boekbinerij
Wetterkringen, smoarige skimmels of skuorde bledsiden. Foar guon reden om âlde boeken fuort te smiten. De Frisian Colorists & Restorers yn de Blokhúspoarte pakke it lykwols hiel oars oan. Sy restaurearje iuwenâlde boeken, atlassen en kaarten ta prachtige pronkstikjes. Yn de rige fan dizze wike folgje wy fjouwer ambachtslju dy’t mei in soad leafde wer peareltsjes meitsje fan iuwenâld wurk.

Weekend at Waikiki werom nei Ruslân
Unyk, dat wie it toernee fan de Fryske band Weekend at Waikiki yn de Sovjet Uny. De band reizge begjin jierren njoggentich seis wike lang oer de rivier de Wolga. Yn alle grutte steden oan de rivier lieten sy harren rockmuzyk hearre. Takom simmer gean sy nei 25 jier wer werom. Wy prate der jûn oer mei Thijs Helfrich, sjonger fan de band.

Fetje Stoelwinder-Seinstra fan de Frisian Colorists & Restorers

Adam Wexler fertelt hoe't syn ûntdekking ta stân kaam

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)