Bynt fan 18 april 2014 18:30

  • Hurdfytsers yn de bocht

Luuc Eisenga wie jierrenlang de parseman fan de Rabobank ploech en fan T-Mobile. Hy bepaalde hokker fytser wol of net foar de mikrofoan kaam. Fan tichtby makke hy alle suksessen en skandalen mei. Sûnt oardel jier komt dizze âld-Frjentsjerter op foar de belangen fan alle profesjonele hurdfytsploegen yn de wrâld.

De Puch wie miskien wol de meast seksy brommer fan de jierren '60 en '70. Wa kint de brommer net, mei it hege stjoer en it aparte tankje tusken de skonken. Twa grutte fans út Stiens ride der noch alle dagen mei hinne en wer nei harren wurk yn Ljouwert. Mei it nostalgywykein foar de doar tuft Bynt jûn in stikje mei.

Gymleararen yn it basisûnderwiis dy't nei hûs stjoerd wurde en ferfong wurde troch de eigen masters en juffen. Dat bart hieltyd faker troch de besunigings. In minne saak neffens ús saakkundige én âld-gymlearaar Age Veldboom. Ek oan tafel Frits Schnoor, dy't masters en juffen coacht dy't de gymlessen no oernimme moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)