Bynt fan 17 novimber 2015 17:20

Mearkes op It Bilt
Elkenien op It Bilt hat der jierrenlang op wachte. En moarn is it safier. Dan kinne we einlik de mearkes fan Readkapke & Doarnroaske lêze yn .... it Biltsk!

Poalreizger Sjef van Dongen
Ek prate wy oer poalreizger Sjef van Dongen. Skriuwer Adwin de Kluyver dûkte foar syn nije boek yn it libben fan dizze held. Mar wie hy dat eins wol, in held?

Ik bin benijd
Seis wiken lang folgje wy foar it programma Ik Bin Benijd in panel fan gewoane Friezen dat har oardiel jout oer kulturele eveneminten yn ús provinsje. Hjoed giet Wopkje Bergmans op besite by de mûne De Rât yn Drylts.

Direkteur fan de Van Mesdagklinyk
Fries om utens Harry Beintema is behanneldirekteur yn de Van Mesdagklinyk in Grins. Hy wol ôf fan de eangst foar minsken mei TBS.

BY17KO03

Op besite by mûne De Rat yn Drylts foar Ik bin benijd

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)