Bynt fan 17 maart 2016 17:20

Feteranen demonstraasje
Libanon-feteranen demonstrearje hjoed yn Den Haag foar psychyske neisoarch en erkenning dy’t sy nea krigen hawwe. Henk Moorlag kin him goed yntinke hoe’t dizze feteranen harren fiele. Yn de jierren sechstich is hy yn Nij-Guinea west en hat dêr in oarlochstrauma fan oerhâlden. Dit komt neffens him om't er by thúskomst ek gjin goeie soarch krigen hat.

Hollânsk Ljocht
De ferneamde skilder Rembrandt stiet yn de 17e iuw bekend om syn skilderijen mei bysûnder ljochtynfal, it Hollânsk Ljocht. Mei it ynpolderjen fan de Sudersee soe it Hollânsk Ljocht ferdwûn wêze. Mar fotograaf Theo de Witte út Ljouwert seit dat er it ljocht wer fûn hat.

Matthäus Passion
Oratoariumferiening Boalsert is yn Fryslân it koar mei de langste tradysje wat de Matthäus Passion oanbelanget. Nij wike wurdt it stik fan Bach alwer foar de 71ste kear opfierd. Dirigint en komponist Hoite Pruiksma hat in wiere passy foar it stik en jout yn Bynt in lyts kolleezje.

En wa binne de minsken efter de stimmen? Wy stelle dizze wike fjouwer koarleden oan jimme foar. Hjoed it lêste diel.

BY17CP01

Sykje nei it Hollânsk Ljocht

BY17CP02

Matthäus Passion: fjouwer koarleden

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)