Bynt fan 17 maaie 2016 17:20

Twitter en ûntsnapte tigers
Radjha en Deli binne noch wat suf, mar de tigers binne yntusken aardich bekommen fan alle hektyk fan sneon, doe't se bûten hun eigen ferbliuw rûnen. Wat barde der no eins, en hoe waard dit nijs oant yn Roemenië oan ta? Barbara van Genne fan biste-opfang Fidela makket in analyze.

Drones, wat mei wol en net?
Drones binne tsjintwurdich foar in pear tientsjes te keap, mar oan hokker regels moatst dy dan hâlde? Ald-plysjeman Wouter de Vries siket it foar ús út.

De memmen fan Grutte Pier
It boerinnekoar fan Grutte Pier is yntusken in jier fierder, mar is noch net op sterkte. Dêrom wurdt in molkrider ynskeakele, om nije leden foar it koar te finen.

Juf docht in boekje iepen
It ûnderwiis giet ten ûnder oan prestaasjedwang en cito-stress. Dat seit Jellie de Roos, dy't sels 22 jier juf wie. Yn har boek 'Juf klapt uit de school' fertelt se wat der mis is, wat de gefolgen binne, en hoe't it neffens har wol moat. Sadat der gjin bern mear ûngelokkich binne op skoalle, en gjin ûnderwizers mear ôfknappe.

de regeljouwing om drones hinne

Mei de molkwein op syk nei boerinnen foar it koar

.

De Prins Johan Frisoskoalle yn Harns is in 'talentenschool'

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)