Bynt fan 17 juny 2016 17:20

In spesjale Bynt
It is dizze freed net samar in ôflevering fan Bynt, it is in hiel bysûndere. It is hjoed de dei fan de âlderlêste útstjoering fan Bynt. Dêrom meitsje we der in spesjale útstjoering fan, live fanút it doarpke Broek. We sjogge werom op it ôfrûne seizoen fan Bynt, mei dêryn fansels bysûndere gasten en moaie reportaazjes. Weromsjen sille we dwaan mei gasten, dy't wat bysûnders belibbe ha it ôfrûne jier.

Kok Reitse Spanninga sil syn barbecuekeunsten sjen litte. Ek prate we mei presintatrise Welmoed Sijtsma fan it Jeugdjournaal. Ferline jier septimber is se begûn as presintatrise. Hoe sjocht se werom op it earste skoft yn Hilversum? Dêrnjonken binne ek Theo en Brecht te gast. It duo hie de ear om eltse ôflevering fan Bynt ôf te sluten. Keunstner O.C. Hooymeijer sil ek efkes delkomme yn Broek. Boppedat seagen presintatoren Roelof Lousma en Arjen de Boer efkes werom mei trije gasten fan it ôfrune seizoen: Joris Collier, Justina van Baal en Danny Brink.

En fierder?
Sil de Kening fan Kongo syn lêste foarsizzing dwaan fan dit seizoen. Wolle jo witte oft de Kening weromkomt nei de simmer? Dan moatte jo efkes sjen nei syn foarsizzing yn Bynt!

It atelier fan keunstner Joris Collier

It lân yn mei de finer fan in gouden fibula

Op besite by 'boarstfiedmem' Justina

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)