Bynt fan 17 juny 2014 18:30

Bysûndere earmbân
Archeolooch Marco Bakker wist it fuort, doe't fan 'e moarn yn Snits in brûnzen earmbân fan foar de jiertelling út de grûn kaam: dit is in bysûndere fynst. Jûn prate we fierder mei him oer de fynst, dy't hy meinimme sil yn syn ûndersyk foar it Grinzer Institút foar archeology.

Rige: skûtsjesilen
Yn it ferline wie it skûtsjesilen it terrein fan âldere mannen. Mar hoe oars is dat anno 2014. De gemiddelde leeftyd fan de skipper is bot nei ûnderen gien. Mar hat dat ek gefolgen foar de silerij? Skûtsjesaakkundige Klaas Jansma lit syn ljocht der oer skine yn diel twa fan ús rige.

Oerol
En we stjoere wer live út fan Oerol, mei ûnder oaren it ferhaal fan Margje Wittermans. Sy fertolket Janis Joplin yn har foarstelling 'Het Grote Hoofd'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)