Bynt fan 17 febrewaris 2016 17:20

Sportgala Fryslân
Marrit Steenbergen ferruilet jûn har swimklean foar in galajurk en Jorrit Bergsma syn strakke pak foar in smoking. Want jûn wurde de sportman, sportfrou en sportploech fan it jier keazen op it Sportgala Fryslân. Ferslachjouwer Afke Boven stiet by de reade loper om te sjen wa't der foarôfgeand oan de priisútrikking komme te dinearen. Spesjaal omtinken hat sy foar de 'assistint fan it talint', in nije priis foar dy ûnmisbere man of frou by de sportklup dy't it de sporters mooglik meitsje goed te prestearjen.

Bern fan Ynjegongers
De oarloch yn Nederlânsk-Ynje wie foar de mannen dy't dêr fjochtsje moasten, hiel traumatysk. De ympakt op de famylje fan dizze manlju is ek hjoed-de-dei noch grut. Kommende tongersdei giet it stik 'Feteranen', oer twa âld Ynjegongers, opnij yn premjêre. Yn Bynt litte we dêrom fan 'e wike de bern fan dizze manlju oan it wurd.

Wolle jo tongersdei 18 febrewaris ek nei de foarstelling fan Feteranen yn Snits? Stjoer dan in mailtsje nei Bynt@omropfryslan.nl en wa wit lizze der twa kaartsjes foar jo klear.

Sipke Jan Bousema 'empowert' Noardeast Fryslân
Telefyzjepresintator Sipke Jan Bousma, berne yn Damwâld, komt werom nei syn roots om de bern dêr te helpen harren dream wier te meitsjen. Sels begûn er al op syn 8e mei in neijeien fan syn dream: wurkje by telefyzje, en dat slagge! Hoe't er dat dien hat, en hoe't er dêrmei bern ynspirearje wol, fertelt hy jûn yn Bynt.

BY17BP04

Sijtie en Ymmie Huisman fan Ketlyk, twa bern fan Ynje-gongers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)