Bynt fan 17 febrewaris 2014 18:30

In grut part fan Ingelân hat no al wiken te kampen mei min waar en grutte wetteroerlêst. No wurdt der in berop dien op de Fryske ekspertize op it mêd fan wettermanagement. Ferslachjouwer Eduard Rekker wie yn Somerset, ien fan de troffen gebieten. Dêr folge er it Fryske bedriuw Van Heck, dat de pompen makket dy't de Ingelsken fan it wetter ôf helpe moatte.

Fierder wer in bydrage fan Roelof de Vries yn Sotsji. Ditkear is Roelof op paad mei Maarten de Boer. Hy wennet yn Geörgië, en wit in soad oer it gebiet.

Fierder: yn 2020 moat 14 prosint fan de enerzjy út skjinne boarnen komme lykas wyn, biogas en sinnepanielen. Op dit stuit is dat noch mar 4 prosint. Oanlieding foar Bynt om in rige te meitsjen oer wynenerzjy. Hjoed prate wy mei de inisjatyfnimmers foar it 'Windpark Fryslân'. Sy wolle op ferskate plakken yn Fryslân grutte wynmûneparken bouwe.

En we sjogge wer ris by grientekweker Aat Oosenbrug fan Donkerbroek en ús eigen Bynt-tún. Ferline kear is it túnplan makke en binne de fruitbeammen yn de grûn set. Ditkear wurdt de sinnewoartel plante en wurdt der in insektehotel makke. Neffens Aat rêde wy de tún te skjin op, ha we hieltyd minder blommen en dus krije bijen it hieltyd dreger en dreger. En dy binne ûnmisber. Goed oplette, want soks kinne je thús ek meitsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)