Bynt fan 17 desimber 2015 17:20

De krêft fan Hylke Speerstra syn skreaune wurd
Hylke Speerstra hat boeken skreaun oer emigranten, alvestêderiders en ynwenners fan It Heidenskip. Mar noch nea wiene de reaksjes sa fûl en emoasjoneel as by syn lêste boek 'Op klompen troch de dessa'. Al mei al binne der no 14.000 eksimplaren ferkocht fan it boek dat it swijen fan doe trochbrekt. Hoe it effekt ek de skriuwer sels oerrompele, hearre we jûn yn Bynt.

De einsprint is ynset
De stapels doazen wurdt heger en heger, mar hoe komt it mei de einstân fan de Voedselbankaksje? Miranda hâldt ús ek hjoed wer op de hichte fan it lêste nijs. En hoe giet it mei Raynaud Ritsma? Slagget it him noch hieltyd om in hearlik mieltsje út it Voedselbankpakket te meitsjen?

Lekker lêze yn de fakânsje
Hokker boeken meie we dizze fakânsje net lizze litte? Steven Sterk is foar Bynt op syk gien nei in pear, miskien wat minder foar de hân lizzende, literêre peareltsjes.

BY17LO01

Hylke Speerstra kriich in soad reaksjes op syn boek 'Op klompen troch de dessa'

BY17LO03

Ek hjoed waard der wer in soad guod ynsammele foar de Voedselbankaksje

BY17LO04

Slagget it Raynaud noch hieltyd om in hearlik mieltsje út it Voedselbankpakket te meitsjen?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)