Bynt fan 17 april 2015 17:20

Bynt Sport op freed

Jûn pakke wy it betelle fuotbal wer by de kop yn Bynt Sport. Dat dogge wy mei sportsjoernalist Geert van Tuinen, oandielhâlder fan Swansea City út de Premier League behangkening Johan van Zweden en jeugdtrainer fan SC Cambuur René van Rijswijk. Hoe stean de Ljouwerters derfoar? Is it achtste plak helber? En hoe sjocht Van Zweden nei de beide Fryske profklups? Sjocht hy in parallel mei 'syn' Swansea út Wales?

Yn de Kwis kinst kaartsjes winne foar de wedstriid fan SC Hearrenfean tsjin Willem II, yn Myn Klup rinne we mei atletykferiening Horror mei & de Toto komt fan Epke. Alteast, dat wie de bedoeling...

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)