Bynt fan 16 septimber 2014 17:20

Prinsjesdei
It is de tredde tiisdei yn septimber en dat is fansels Prinsjesdei. Hjoed hearre wy hoe't it derfoar stiet mei de ekonomy fan ús lân en wat de plannen binne fan it kabinet foar it kommende jier. Geane wy der op foarút? Wurdt de soarch djoerder, of krekt goedkeaper? Wat binne de gefolgen foar minsken mei in eigen hûs?

Bynt yn it teken fan begrutting
Den Haach is hjoed even in sintrum fan Nederlân. Mar wat wy fansels graach witte wolle is: wat binne de gefolgen fan de miljoenenota foar Fryslân? Studinten bestjoerskunde Rixt, Annemarie en Jennifer fan de NHL binne hjoed by ús te gast. Sy litte sjen wat de finansjele gefolgen fan de begrutting binne foar de gemiddelde Fryske húshâlding.

Baukje de Vries: in jier nei de brân
Yn oktober 2013 feroare it libben fan Baukje de Vries folslein. Se ferlear alles by de fatale brân op De Kelders yn Ljouwert. No, hast in jier letter, wurdt der tsjin in 39-jierrige Drachtster seis moannen sel easke. Syn gaskachel wie oarsaak fan de brân. Baukje wie by de rjochtsaak en fertelt yn Bynt hoe't se dizze dei belibbe hat.

Rige: Fryske Gea
Programmamakker Douwe Talma makke foar Bynt in rige fan fjouwer plakken yn Fryslân, dy't op 'e nominaasje stean om troch it Fryske Gea opknapt te wurden. Bysûnder is dat jo as sjogger fia Bynt-Facebook (https://www.facebook.com/OmropBynt/app_126231547426086) stimme kinne hokker fan dizze fjouwer objekten as earste opknapt wurde moat. Hjoed it skotbalkhokje by de Slachtedyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)