Bynt fan 16 oktober 2014 17:20

Blijekerk
Hy ferhuze seis wike lyn fan Zwolle nei Blije, en wol no al net mear fuort. Maarten Boersema is dûmny, en is direkt oan de slach gien. Hy hat ek in bysûnder fotoprojekt oan syn wurk ferbûn, te witten blijekerk.nl. Boersema fertelt oer dit projekt, en lit oan tafel syn earste foto's sjen.

Us Fryske taal
Mei Anna Marije Bloem sjogge wy nei ús Fryske taal. Sy is dosinte Frysk, en docht der in soad mei. En sy wol it debat wol oangean. Want dat omdraaien fan tiidwurden, is dat no echt sa slim?

Wekker wurde mei Piter Wilkens
Yn it ramt fan de Fryske muzykwike giet der alle dagen in Fryske muzikant op paad yn ús provinsje. Harkers fan Omrop Fryslân wurde op dizze wize ferrast mei in húskeamerkonsert. Bynt gie hjoed ek wer mei, en die dat dizze kear mei sjonger Piter Wilkens.

Sjonger Raynaud Ritsma
Wy ha dizze wike eltse dei in muzikant yn de studio dy it ek bûten de Fryske grinzen makke hat. Hjoed oan tafel sjonger Raynaud Ritsma. Miskien kinsto Raynaud wol better as de presintator fan it berneprogramma Tsjek, mar hy is ek de sjonger fan de populêre band Vangrail, dêr't hy hiel Nederlân mei troch giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)