Bynt fan 16 novimber 2015 17:20

Friesland College stiet stil by slachtoffers Parys
Net allinnich in minút stilte foar de slachtoffers yn Parys, mar ek in dialooch oangean mei studinten. Dat wol Frank van Hout, lid fan it Kolleezje fan Bestjoer fan it Friesland College. Studinten fan de MBO-skoalle yn Ljouwert diskusearren hjoed oer wat der bard is yn Frankryk. Wat binne de reaksjes? En wat is de rol fan skoalle en dosinten yn it sinjalearjen fan radikalisearring?

Miranda Werkman oer finale Tafel 18
Wa wurdt de bêste amateurkok fan Fryslân? Michiel, Evert en Gesina gean kommende sneon yn it programma Tafel 18 de striid oan. Presintatrise Miranda Werkman sit jûn oan tafel mei in foarútblik op de finale.

Ik bin benijd!
Ek sa nijsgjirrich nei kulturele eveneminten yn ús provinsje? Seis wiken lang giet it panel fan it programma ‘Ik bin benijd!’ Fryslân yn om harren oardiel te jaan. Hjoed yn Bynt de earste útstjoering: de Van Gogh tentoanstelling yn it Karmelkleaster yn Drachten.

Stress op it wurk
Burn-out: hieltyd mear minsken ha der mei te krijen. Faak leit de oarsaak yn stress op it wurk. It kofjesetapparaat soe wolris in wichtige rol spylje kinne yn de bestriding fan dizze beropssykte. Dat seit Rob Hoedeman, ARBO-arts en spesjalisearre yn stress en wurkdruk. Hoe? Dat fertelt er jûn yn Bynt.

BY16KO04

Hylkje van der Molen yn it Karmelkleaster yn Drachten

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)