Bynt fan 16 maart 2016 17:20

IIsbeareman ferstoarn
Poalreizger Piet Oosterveld is hjoed op 77-jierrige leeftiid ferstoarn. Oosterveld waard lanlik bekend doe't hy yn 1987 by in ekspedysje op Spitsbergen in oanfal troch in iisbear oerlibbe. George Visser fan Skylge wie derby en jage de iisbear fuort. Dêrtroch koene de beide manlju de hutte feilich berikke. Dit foarfal makke dat se in hiele bysûndere relaasje krigen. Roelof Lousma is hjoed op Skylge om mei George Visser te praten oer dizze freonskip foar it libben.

Poep!
Hieltyd mear minsken ha lêst fan termstoarnissen. Troch ris wat faker achterom te sjen as we op it húske sitte, kin je je in soad ellinde besparje. Gerard Dijkstra is heechlearaar op it mêd fan mage, term en lever en hy hat in app yn ûntwikkeling wêrmei't termpasjinten sels harren poep kontrolearje kinne.

Rige: Matthäus Passion
Oratoariumferiening Boalsert is yn Fryslân it koar mei de langste tradysje wat de Matthäus Passion oanbelanget. Nij wike wurdt it stik fan Bach alwer foar de 71ste kear opfierd. Mar wa binne de minsken efter de stimmen? Wy stelle dizze wike fjouwer koarleden oan jimme foar. Hjoed diel trije.

Fryske doku oer asylsikers
Flechtlingen dy't yn ús lân har heil sykje binne alle dagen yn it nijs, mar hoe fergiet it asylsikers dy’t mei in ferbliuwsfergunning út in AZC komme. Kollega Johanna Brinkman makke der in dokumintêre oer, dy't dit wykein by Omrop Fryslân útstjoerd wurdt.

BY16CP01

Dizze wike in rige oer de Mattheus Passion yn Boalsert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)