Bynt fan 16 maart 2015 17:20

Undernimmer fan it jier
Hokker ûndernimming wurdt dit jier de bêste fan Fryslân? Dat witte wy op 21 maart. Mar foar it safier is, moatte earst de trije nominearren foar dizze priis bekend makke wurde. Dat bart jûn yn Bynt troch Bram Nauta fan de Stichting Verkiezing Friese Onderneming van het Jaar.

De dream fan Reitse
Yn de oanrin nei de Steateferkiezings diele ús gasten harren dream foar Fryslân. Hjoed de dream fan sjef-kok Reitse Spanninga. Syn dream is dat bern op skoalle minder snobbersguod en mear fruit ite.

Vanuatu
Foar har stúdzje woe Johanna Brinkman ûndersykje hoe’t it is om te libjen mei de driging fan in natuerramp. De studinte út Sint Anne gie yn 2013 nei de eilannen fan Vanuatu, it meast kwetsbere lân fan ‘e wrâld. En dêr gie it it ôfrûne wykein goed ferkeard...

De temperatuer fan de Fryske ekonomy
Yn Bynt nimme wy ien kear yn de trije moanne de ekonomyske situaasje yn Fryslân troch. Dat dogge wy mei ús húsekonoom Jouke van Dijk fan de Ryksuniversiteit fan Grins. Yn desimber joech Van Dijk noch in 5,5. Hoe soe dat dizze kear wêze?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)