Bynt fan 16 maaie 2014 18:30

In reis nei Antarktika. It wie de grutte dream fan skûtsjeskipper Gjalt de Jong en dit jier wie it safier. Hy hat in pear wiken lang mei fearn op it tallship “Bark Europa” nei de súdpoal. En no is er werom. Dêrom skoot Gjalt jûn oan yn Bynt om te fertellen wat hy allegear belibbe hat. Wie it bygelyks it grutte aventoer dat hy der fan ferwachte hie?

De hiele wike hawwe wy sjoen by de tariedings fan de strjitopera “De IIsfoarstin”. Juster wie dan de premjêre fan it stik. Nei seis wiken yntinsyf repetearjen binne se by Tryater no klear foar de útfier de kommende wiken.

De alvestêdekuiertocht op 27 maaie rinst net sa mar even. Dêr moatst goed foar traine. Tegearre mei fêste gast Age Veldboom sjogge wy nei hoe't dat it bêste kin. Mar hoe dogge je dat as je blyn binne? Jan van Steen bygelyks sjocht al 40 jier neat mear, mar dochs hat hy de alvestêdetocht al ferskate kearen rûn of fytst. Dêr krijt hy help by fan Sietske en dus sitte se jûn beide oan tafel.

Fansels sjogge wy ek wer even by de ûlen yn de Alde Feanen. Wat soe der dizze wike allegear bard wêze yn de ûlekast fan It Fryske Gea?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)